E-mail: mail@heinwillemleeraar.nl
Tel: +31 6 53 14 54 42
01

Resultaten Mais ûnder foly 2011

02

Ûndersyk en resultaten 2011

Ûndersyk in  2010/2011:

De miljeu-effekten moatte – wittenskiplik ûnderboud – yn kaart te bringen wêze: it brûken fan N ferminderje en boaiemlibben aktivearje troch it mijen fan kompaksje fanwege oare bewurkingstiidstippen. Dat lêste is net allinnich in goede saak foar ferbettering fan ’e grûnstruktuer, mar draacht ek by oan ferheging fan ’e agrobiodiversiteit, dêr’t skimmels, baktearjen, bisten diel fan út meitsje. Troch minder kompaksje wurdt it boaiemlibben minder skea tabrocht.
Benammen in syktocht nei gaadliker maisrassen foar dit systeem is in kwestje fan lange azem. Bedongjen en gewaaksbeskerming moatte lokaasje-spesifyk wêze.
Ek die bliken dat op lichtere grûn de brûkte folysoart te let ôfbrekber wie, sadat mei oare soarten wurke wurde moast, alteast foar ûndersyk.
De ûndersyksresultaten moatte úteinlik in bedriuwsekonomyske basis biede foar ynvestearringsbeslissingen fan alle belutsen partijen.

De resultaten fan it project Mais ûnder foly 2011:

Klik hjer:
Weromsjen en resultaten 2010-2011

Gearfetting:

Samenvatting 2011

Resultaten zetmeel en enerzjy:
Zetmeel 2011

Enerzjy 2011

03

Rassen fergeliking Van Halll Larenstein

Ûndersyk rassen fergeliking Mais ûnder foly 2011 – Van Hall Larenstein

Trije studinten fan hbû-ynstelling Van Hall Larenstein hawwe yn 2011 ûndersyk dien yn opdracht fan Hein-Willem Leeraar & Partners. De studinten, Chiel Sinnige, Mark Drenth en Edwin Logtenberg, hawwe in Rasseferlikingsûndersyk Mais ûnder foly útfierd.

De belangrykste útkomsten:

Grûnsoart Bêst prestearjend yn 2011
Klaai T83, Benicia
Sân P8000, Ronaldinio
Fean P8000, Award
Klaai-op-fean V43, Award

 

05

Presentatie NMI

04

Mangaan en boarium

Gearfetting resultaten Mangaan en Boarium 2011

Klik hjir foar it rapport:
Resultaten 2011 Mangaan Borium

Doel: Kinne de mangaan- en boariumbeskikberens yn grûn better fêststeld wurde om úteinlik ta bettere advizen foar it bedongjen te kommen.

Meardere grûnmeunsters en parameters binne analysearre by dizze stúdzje. De meast relevante útslaggen stean yn ’e tabellen 1, 2 en 3. De resultaten litte sjen dat de oplosbere fraksje fan boarium (B) (sis mar maklik beskikber) gemiddeld ûngefear 3% is fan it totaal oanwêzige boarium yn ’e boaiem (mei in sprieding fan 1,2–10%) wylst it totaal oan reaktyf boarium (sis mar it diel dat neilevere wurde kinne soe) gemiddeld 9% wie fan it yn totaal oanwêzige boarium yn ’e grûn. Yn it gefal fan mangaan (Mn) wie de oplosbere fraksje ek leech: ca. 5%, mar de sprieding wie folle grutter. De leechste wearden waarden fûn by Kooiker te Grijpskerk, dêr’t de oplosbere fraksje mar 0,04% wie fan it totaal (de reden dêrfoar is de hege pH fan ’e grûn). Oan ’e oare kant waard de grutste oplosbere mangaan-fraksje fûn by Van Emst, De Tynje: 17,34% (dy grûn hat de leechste pH-wearde en in behoarlik diel organyske stof).

De totale reaktive wearden foar mangaan wurde neier besjoen, omdat it hiel oannimlik is dat de standertmetoaden, brûkt yn it laboratoarium (0,43M HNO3 ekstraksje) net adekwaat binne foar dit spesifike metaal. In nije bepalingsmetoade wurdt oerwage as in ferfanging foar de tradisjonele gemyske analyze.

Yn figuer 1 sjogge wy de korrelaasje tusken it diel grûnoplosber mangaan en de konsintraasje yn it planteweefsel. Der is in dúdlik positive relaasje, mar by in R2 wearde fan 0,42 bliuwt it mar in yndikaasje en kinne der gjin hurde konklúzjes oan ferbûn wurde. Yn it gefal fan boarium (figuer 2) is der gjin dúdlike korrelaasje oplosber boarium yn ’e grûn foaroer de konsintraasje yn it planteweefsel oantroffen. We kinne sjen dat ferlykbere persintaazjes boarium oantroffen wurde yn it planteweefsel by ferskillende persintaazjes oplosber boarium yn ’e grûn. Dat is in yndikaasje dat op dy grûnen it opnimmen fan boarium net bepaald wurdt troch it persintaazje oplosber boarium yn ’e grûn*.

It ûndersyk is noch net ôfrûne, sadat it lêste wurd der noch net oer sein is.

De analyzeresultaten fan ’e maisperselen binne ien fan ’e boustiennen om ta in better ynsjoch te kommen.

* Noat Leeraar, projektleder Mais-ûnder-foly 2009-2011: boarium lykas fermeld by dit grûnûndersyk betreft it yn wetter oplosbere diel fan boarium. Direkt beskikber dus foar de plant. Der wurdt yn it foarste plak in behoarlike feilichheidsmarzje hantearre. Twad betsjut in lege wearde dus net perfoarst by struien; Mooglik dat it reaktive part boarium (part dêr’t út neilevere wurde kinne soe binnen it groeiseizoen) wol in hege wearde hat. Op it stuit wurdt dat lykwols (noch) net ûndersocht.

** Foar fragen oer dit artikel kinne jo kontakt opnimme mei Dr. W. Bussink, NMI Wageningen, begelieder fan it ûndersyk.