E-mail: mail@heinwillemleeraar.nl
Tel: +31 6 53 14 54 42
01

Resultaten Mais ûnder foly 2010

02

Onderzoek en resultaten 2010

Ûndersyk in  2010/2011:

De miljeu-effekten moatte – wittenskiplik ûnderboud – yn kaart te bringen wêze: it brûken fan N ferminderje en boaiemlibben aktivearje troch it mijen fan kompaksje fanwege oare bewurkingstiidstippen. Dat lêste is net allinnich in goede saak foar ferbettering fan ’e grûnstruktuer, mar draacht ek by oan ferheging fan ’e agrobiodiversiteit, dêr’t skimmels, baktearjen, bisten diel fan út meitsje. Troch minder kompaksje wurdt it boaiemlibben minder skea tabrocht.
Benammen in syktocht nei gaadliker maisrassen foar dit systeem is in kwestje fan lange azem. Bedongjen en gewaaksbeskerming moatte lokaasje-spesifyk wêze.
Ek die bliken dat op lichtere grûn de brûkte folysoart te let ôfbrekber wie, sadat mei oare soarten wurke wurde moast, alteast foar ûndersyk.
De ûndersyksresultaten moatte úteinlik in bedriuwsekonomyske basis biede foar ynvestearringsbeslissingen fan alle belutsen partijen.

De resultaten fan it project Mais ûnder foly 2010:

Klik hjir foar:
Weromsjen en resultaten

Results:
Energie 2010

Zetmeel 2010

02

Ferwachtingen

Ferwachte Resultaten 2010/2011:

  1. Bettere opbringst (40 – 45 ton ds/ha) troch mear spesifyk nutriïntegebrûk
  2. Ferlykbere sûker- en setmoalgehalten as yn 2009
  3. Gjin fosfaatgebrûk en dochs in goed slagge gewaaks
  4. N(-S)-jefte neffens it Goede Landbouw Praktijk advys / tanommen mineralisaasje yn stroken mais-ûnder-foly (2010)
  5. Minder N-gebrûk
  6. Tanommen boaiemlibben yn stroken mais-ûnder-foly (2011)
  7. Mear ynsjoch yn ’e gebrûksrassen yn kombinaasje mei better tiidstip fan siedzjen (té betiid kin ek)
  8. Siedzjen fan grienbedonger (septimber) (by in tal dielnimmers te demonstrearjen oan kollega’s)