E-mail: mail@heinwillemleeraar.nl
Tel: +31 6 53 14 54 42

Projekt Mais ûnder foly

01

Het projekt Mais ûnder foly

Mais ûnder foly: 1000 kg mear setmoal de hektare

Mais tele ûnder foly. Yn Nederlân hieltyd bekender en populêrder. Net sa gek, want de earste testresultaten binne heel posityf. In lytse ynvestearring levert gau mear opbringsten troch twa wike earder siedzjen en makliker rispjen.

Ferbouwe jo ek mais?
Dan is mais tele ûnder foly ek rendabel foar jo. Wy fertelle jo graach wat tele fan mais ûnder foly foar jo opleverje kin.

It projekt ‘Mais ûnder foly’ is mei mooglik makke troch finansiering fan de provinsje Fryslân.

03

Resultaten en informatie per jaar

04

Projektbehear

It kearnteam bestiet út:

  • Heeringa Cultuurtechniek BV in Tersoal
    Heeringa is as leanbedriuw ferantwurdlik foar de útfiering fan ’e wurksumheden, konform de winsken fan ’e dielnimmende brûkers en konform de ôfspraken binnen it kearnteam.

    logo_Heeringa.jpg

     

  • Samco in Adare, Ierland
    Samco is de fabrikant fan ’e masine en betinker fan it teeltsysteem. Samco optearret foar in fullservice konsept wat agronomysk advys oanbelanget. Samco hat no 22 jier ûnderfining mei it systeem. Dêrfan 8 jier yn ’e Nederlânske klaai.

Samco

  • Hein-Willem Leeraar & partners in Raerd
    As consultancy-bureau ferfollet Hein-Willem Leeraar & partners de rol fan projekt-koördinator, yn ’e breedste sin fan it wurd.

As lêste binne der op fakspesifike terreinen ferskillende saakkundigen anneks: Rabobank (voorheen Friesland Bank), ALNN, Flynth (voorheen GIBO Groep), LTO Noord, Provinsje Fryslân.

02

Films

Jelgerhuis Media hat yn opdracht fan Hein-Willem Leeraar & partners in voorlichtingsfilm oer Mais ûnder Foly makke:

Samco-film oer it oanbringen fan it siedbêd foar de mais ûnder foly:

http://youtu.be/PG6xWzZdjkk

05

Mais ûnder foly: in nije teelttechnyk?

Yn 2009 is op lytse praktykskaal in test dien mei de nije SAMCO- teeltmasine. Yn 2008 wiene belutsenen by in stúdzjereis tafallich yn ’e kunde kommen (observaasje) mei dy teelttechnyk. Neiere factfinding-missys yn 2008 en jannewaris 2009, wêrby’t petearen fierd binne mei de fabrikant en einbrûkers en dealers fan it systeem, ha yn ’e maityd fan 2009 laat ta de komst fan ’e masine. Heeringa Cultuurtechniek BV hie soarge foar in 25 ha, dêr’t op proefdraaid wurde koe. Alderearst troch technysk personiel, om te learen mei de masine om te gean. De Ierske fabrikant hat dêrta in kursus fan 10 dagen organisearre, jûn troch dosint en ûntwerper Robert Shine. Rutger Agricola en Willem Johannes Heeringa ha de kursus folge en mei goed gefolch ôfsletten.

Heeringa_SAMCO.jpg
Meiwurkers fan Heeringa bestjoere de SAMCO-teeltmasine en sjogge ta op it fakkundich tadekken fan ’e mais

Gau waard dúdlik dat alle gongbere kennis oerboard set wurde koe. Net om ’e nocht waard it systeem promoate ûnder de namme Samco System, mei de klam op ‘system’. Grûnbewurking moast oars, technyk fan siedzjen en kar fan in ras idem, gewaaksbeskerming en bedongjen moasten feroare wurde. Troch it spannen fan in – oars folslein ôfbrekber – folydoek wurdt de grûn sadanich opwaarme en sa fluch dat in tal prosessen oars funksjonearje as oant no ta bekend. De Ieren hiene oarsom ek gjin inkele ûnderfining mei de noardlike grûnsoarten, sa’t dy hjir oeral foarkomme. Benammen ek it ferskaat derfan op – hiel koarte – ôfstân die bliken ferrassend te wêzen. Konkreet makken it organysk-stofgehalte en it knipklaai-kompleks it dreech. Wat grûnbewurking oanbelanget, mar ek wat de wurking fan ’e masine oanbelanget. De masine is yn ’e hjerst fan 2009 oanpast foar Nederlânske omstannichheden.

It doel fan it earste jier wie dúdlik: in kwalitatyf en kwantitatyf gewaaks rispje op in folle earder tiidstip as gebrûklik, sadat Heeringa Cultuurtechniek BV it systeem promoatsje koe en de méárkosten goedmakke waarden foar de einbrûkers.

De ûnderfiningen fan 2009 jaar diene bliken kwantitatyf ûnfoldwaande, mar kwalitatyf bysûnder posityf te wêzen, mar foarmen úteinlik in te meagere basis om te oertsjûgjen, sjoen de méárkosten, fereaske ynvestearrings ensfh.

06

It ûndersyk yn 2010/2011

De miljeu-effekten moatte – wittenskiplik ûnderboud – yn kaart te bringen wêze: it brûken fan N ferminderje en boaiemlibben aktivearje troch it mijen fan kompaksje fanwege oare bewurkingstiidstippen. Dat lêste is net allinnich in goede saak foar ferbettering fan ’e grûnstruktuer, mar draacht ek by oan ferheging fan ’e agrobiodiversiteit, dêr’t skimmels, baktearjen, bisten diel fan út meitsje. Troch minder kompaksje wurdt it boaiemlibben minder skea tabrocht.
Benammen in syktocht nei gaadliker maisrassen foar dit systeem is in kwestje fan lange azem. Bedongjen en gewaaksbeskerming moatte lokaasje-spesifyk wêze.
Ek die bliken dat op lichtere grûn de brûkte folysoart te let ôfbrekber wie, sadat mei oare soarten wurke wurde moast, alteast foar ûndersyk.
De ûndersyksresultaten moatte úteinlik in bedriuwsekonomyske basis biede foar ynvestearringsbeslissingen fan alle belutsen partijen.

07

Doelen

Brûker & maatskippij: in mienskiplik belang

De doelen:

  1. Maisteelt optimalisearje troch it ferbetterjen fan ‘e rintabiliteit (= gjin struktuerskea, hegere opbringst, bettere gehalten, hiele jier gebrûk fan it lân) en dêrtroch ekonomyske duorsumens en in bettere sûnens fan ‘e bisten;
  2. Werombringen fan nutriïntegebrûk troch lokaasjespesifike tapassing en dêrmei útspielen fan nutriïnten werombringe;
  3. Vergroten biodiversiteit van het bodemleven a.g.v. voorkomen compactie
  4. It ferheegjen fan ’e opbringst binnen de maisteelt (sprieding troch ferskillende rassen te kiezen); troch it brûken fan rassen út groepen dy’t gewoanwei net yn Noard-Nederlân brûkt wurde: maisrassen út de midden- of lette groep. Dy rassen ha mear groeidagen nedich as de tradisjoneel ‘betide’ rassen. Troch earder te siedzjen en it earder ûntkymjen komme mear groeidagen beskikber.
  5. Teelt neifrucht / ynsiedzjen grienbedonging mooglik meitsje en befoarderje.

Logo_NMI.jpg

It Nutriënten Management Instituut (NMI) spilet as adviseur ek in belangrike rol yn it ûndersyk

08

Metodiken

Oangeande doelstelling 1: Foar elk perseel wurdt by de rispinge 1 folle wein woegen op waachbrêge (leech gewicht foartiid al woegen) oerflak metten, dat de folle wein oanbelanget; omrekkenjen nei ha-opbringst yn kg produkt; meunster nimme en opstjoere nei Agrarisch Laboratorium Noord-Nederland te Ferwert = kwaliteitsanalyze. Dêrnei wurde de analyze-útslaggen ynterpretearre en oersetten nei ‘boeretaal’ troch saakkundigen ir. G. Schaaf en ing. J. Kuipers MAB. Yndividueel weromkeppeljen nei dielnimmers en groepspresintaasje yn desimber.

Oangeande doelstelling 2: dêrta wurde 2 spoaren folge; yn it 1e plak ha de 15 dielnimmende grûnbrûkers tasein ‘bedongjen-op-maat’ út te fieren; dêrta wurde fan alle perselen grûnmeunsters nommen op boulân-nivo (20-25 sm); dongûndersiken wurde útfierd by alle dielnimmende brûkers. Op basis dêrfan wurde ûnder supervyzje fan Ir. G. Schaaf bedongingsadvizen jûn, dy’t opfolge wurde. Yn it 2e plak wurdt ûndersyk dien troch it NMI om fêst te stellen oft sprake is fan in fluggere mineralisaasje fan N (troch opwaarming fan ’e grûn fanwege it oanbrochte folydoek). De mineralisaasje wurdt metten op in trijetal perselen, sawol ûnder foly as sûnder foly. En dat op trije tiidstippen. Tapast wurdt de nylon-sekjes ynkubaasjetechnyk. Temperatuersensors wurde ynstallearre. Hypoteze I 2010: troch fluggere en eardere opwaarming fan ’e grûn komt de oanwêzige N earder ta beskikking fan ’e plant en dêrom kin folstien wurde mei in legere N-jefte.

Oangeande doelstelling 3: hjir wurdt ek it ûndersyk dien troch it NMI. Op sa’n 10 lokaasjes wurdt in fisuele beoardieling útfierd, ein 2010. 5 fan dy lokaasjes wiene ûnder foly-mais en 5 net. Maityd 2010 wurdt grûnûndersyk dien, dêr’t boaiembiologyske skaaimerken by fêststeld wurde. Tal en ferskaat fan soarten ieltsjes wurde fêststeld en ek de totale hoemannichte skimmel en baktearje, troch de BFI (in soart fan boaiemlibbenyndeks). Ek wurde penetrometerbepalings útfierd. Bulktichtens, poarjefolume en pF-karakteristyk wurde bepaald.

Hypoteze II 2011: troch it nije teeltsysteem wurdt struktuerskea/kompaksje mijd en dat draacht by oan in better (bêta-)bioferskaat, d.w.s. in ferbettere boaiemlibben (dêr’t dêrnei maisplant en boer fan profitearje).

Oangeande doelstelling 4: der wurde oare rassen brûkt as yn 2009, benammen ek lettere rassen en in proeffjild wurdt oanlein dêr’t in tsiental rassen siedde wurdt om te ferlykjen. Studinten monitoarje groei op proefperselen. Ferslachlizzing yn tabellen en grafiken te presintearjen op groepspresintaasje.

Oangeande doelstelling 5: in tal dielnimmers sil frege wurde in grienbedonger yn te siedzjen, wat derfoar soarget dat nutriïnten opnommen wurde yn ’e hjerst. Dêrtroch ferbettert nammers ek de struktuer fan ’e grûn yn ’e maityd dêrnei.
Mei it each op de bedriuwsekonomyske helberens fan ’e teelt ferwize wy nei de Bijlage Economie yn it einrapport.