E-mail: mail@heinwillemleeraar.nl
Tel: +31 6 53 14 54 42
01

Yn 2017 in de parse

Nieuwe Oogst - 21 jannewaris 2017

Klik op de ôfbylding foar de Fryske ferzje.

Veeteelt - jannewaris 2017

Klik op de ôfbylding foar de Fryske ferzje.

Sertifikaat Boarchstelling Lânbou - jannewaris 2017

Yn jannewaris 2017 hat Hein-Willem it sertifikaat Boarchstelling Lânbou behelle.
Dit sertifikaat hâldt yn dat Hein-Willem wit wat de wichtichste betingsten en kriteria fan de Boarchstelling Lânbou binne en ynskatte kin op hokker praktyksitewaasjes de BL fan tapassing is. Hy kin de maksimale boarchstelling berekkenje en de BL tapasse by ferskate finansjele fraachstikken, ek yn kombinaasje mei oare alternative finansieringsfoarmen.

Opnommen yn it BAS-register - jannewaris 2017

Yn Nederlân is de Feriening Agraryske Bedriuwsadviseurs (vab) te Amersfoort, troch de Minister fan Ekonomyske Saken oanwiisd as beropsorganisaasje dy’t agraryske bedriuwsadviseurs erkenne meie. Hein-Willem is lid fan de vab en opnommen yn it register Bedriuwsadviseringsysteem (BAS).

De troch de vab erkende agraryske bedriuwsadviseurs binne opnommen yn in register Bedriuwssadviseringssysteem (BAS).

Op grûn fan artikel 12 fan Feroardening (EU) nû. 1306/2013 is elke lidstaat ferplichte in systeem op te setten foar it ferlienen fan advys oer grûn- en bedriuwsbehear.

Yn dit ramt kin Hein-Willm jo advisearje oer ûnder mear:

  • it yn goede lânbou- en miljeukondysje hâlde fan de lânbougrûn;
  •  klimaat- en miljeufreonlike lânboupraktiken;
  • maatregels dy’t rjochte binne op modernisering fan lândboubedriuwen.