E-mail: mail@heinwillemleeraar.nl
Tel: +31 6 53 14 54 42

Ús partners

01

Ekspertise Hein-Willem Leeraar

FINANSJEEL - YNTERNASJONAAL - UNDERSYK

Jo ha in agrarysk bedriuw en jo ha in fraach oer belizzingen, finansjele planning of in bûtenlânsk projekt. Of jo oerwage in saaklike skieding of oername. Hein-Willem Leeraar & Partners advisearret agraryske ûndernimmers oer jildsaken. Wy helpe al jierren agrariërs mei in protte sukses.

Tegearre mei syn ûnderskate erkende partners en partisipanten hâlde wy ús ek dwaande mei fernijende en eksperimintele ûntwikkelingen op agrarysk mêd. It ûndersyk nei mais ûnder foly as kânsrike nije teelttechnyk is dêr in goed foarbyld fan.

02

Oer Hein-Willem Leeraar

ERVAREN en Resultaatgericht

Hein-Willem Leeraar wurket al 20 jier as adviseur foar agraryske ûndernimmers yn binnen en bûtenlân. Syn kennis, ûnderfining en netwurk die hy op yn it ûnderwiis  (International Agricultural Centre yn Wageningen), by De Landbouw Voorlichting (DLV) en as direkteur fan it agrarysk team fan Credion. Hy publisearret geregeld ûndersyksresultaten yn fakblêden en fia portals op ferskillende websites.

Wurkje mei Hein-Willem Leeraar & partners betsjut to-the-point en earlik advys. Tegearre mei jo wurkje wy oan de oplossing dy’t foar jo it bêste is. Stûket in proses? Dan sette wy der even in ekstra toskje by. Altyd rjochte op it resultaat. Altyd tegearre mei jo.

Wolle jo witte wat wy foar jo betsjutte kinne? Belje ús: 0566-60 04 48 of 06-53 14 54 42. Uteraard bringe wy jo graach yn kontakt mei ús klanten.

To-the-point en earlik advys

03

Partners

Hein-Willem Leeraar wurket gear mei in tal fêste en deskundige partners. Mei elk harren eigen spesjalisme.

AGRARISCH LABARATORIUMONDERZOEK NOORD NEDERLAND  – ALNN

ALNN

De ALNN analysearret grûn-, dong- en plantmûnsters. Gehaltes stikstof, fosfaat, kalsium, magnesium, koper en mangaan bepale it rjocht dieet: foar de bisten en foar it lân.

Mei Hein-Willem Leeraar wurket ALNN oan in krekte analyze fan de mais, ferboud ûnder foly.

www.alnn.nl

MELKWINNING J.A.

Melkwinning JA logo

Melkwinning J.A. fan Johan Grolleman advisearret oer molkwinning en optimale sûnens fan it jaar. Melkwinning J.A. helpt greidboeren swierrichheden mei molkwinning op te lossen of de molkwinning foar de takomst te ferbetterjen.

De gearwurking mei Hein-Willem Leeraar rjochtet him op diersûnens en it ferbetterjen fan de wurkomstannichheden.

www.melkwinningja.nl

VERENIGING AGRARISCHE BEDRIJFSADVISEURS – VAB

Vab logo2005lowres

De vab is dé fakferieniging fan bedriuwsadviseurs yn de agraryske sektor.

Hein-Willem Leeraar oefene de ôfrûne jierren in protte bestjoersfunksjes út binnen de organisaasje.

www.vabnet.nl

PRIORE ACCOUNTANTS & BELASTINGADVISEURS

priore

By Priore yn It Hearrenfean witte se alles fan belestingen, boekhâlding, salarisadministraasje en alles wat der by komt te sjen.

Hein-Willem Leeraar skeakelet de spesjalistyske deskundichheid fan Priore geregeld yn om belestingsfoardielen foar syn klanten te realisearjen.

www.priore.nl

POSTMA VEEVOEDERS

postma

Appie en Tineke Postma beheare tegearre Postma Veevoeders en Postma Bloem yn Gau. Postma Veevoeders leveret foaral foer oan greidboeren. Mar ek foer foar hynders, skiep en oare bisten.

Foar de boeren dy mais ûnder foly ferbouwe leveret Postma Veevoeders keunstmest en maissied. Postma fersoarget ek it transport fan de foly foar Hein-Willem Leeraar.

www.postmagauw.nl

SAMCO

samco_logo

It Ierske bedriuw Samco makket 4-yn-1 lânboumasines. Dizze masine docht fjouwer dingen tagelyk: hy sieddet maissied, jout kuenstmest, spuitet ûnkrûd deadzjend middel en leit in tinne, natuerlike ôfbrekbere laach foly.

Hein-Willem Leeraar is agint foar Samco yn Nederlân. Hein-Willem befoarderet en ferkeapet harren foly en harren foly siedmasines.

www.samco.ie

BOGERMAN COLLEGE SNEEK

Bogerman

Bogerman is in skoallemienskip fan jongeren en folwoeksenen dy’t him wolle ûntwikkelen mei haad, hert en hannen.

Hein-Willem Leeraar jout gastlessen M&O foar 5 VWO op it Bogerman. Ek is Hein-Willem fia it International Business Kolleezje belutsen by it út rollen fan in nij lesprogramma wêryn learlingen fan 4 en 5 HAVO útdage wurde om better te presteren, ûndernimmend te wêze en oant in passende kar te kommen yn it HBO. Dit programma start mei yngong fan it skoallejier 2016-2017 op it Bogerman.

Al in oantal jierren bestiet der in tige suksesfolle yntensive gearwurking fanút it bedrijfsleven mei it Bogerman. Learlingen fan 5 HAVO en 6 VWO meitsjen har afstudeerwerkstuk oan de hân fan spesifike opdrachten fan – soms bûtenlânske – bedriuwen.

Foarbylden:

  • It opstelle fan in sterkte-zwakte analyse fan en foar in ûndernimming aktyf yn it toerisme
  • In merkûndersyk foar in BVO
  • Analyse fan de merk foar fusies en overnames
  • ûndersyk nei voors en tegens fan it coöperatiemodel

 

www.bogerman.nl

www.facebook.com/IBCKO/

SNEEK OP MAAT

Sneek op maat logo

Sneek op Maat is jo persoanlike organisator foar toeristyske arranzjeminten, útstapkes, reizen en events yn Fryslân. Jeannette Ritchi is de eigner en is ek eigner fan www.frisianguide.nl. Dit bedriuw leveret profesjonele gidsen yn Fryslân yn ferskate talen.

Hein-Willem Leeraar wurket tegearre mei Jeannette Ritchi foar de oplieding Fryske Gidsen.

 

www.sneekopmaat.nl