Premium business template
8877-8564-222

Nijs

Kompliminten fan Ierske ambassadeur

Kompliminten fan Ierske ambassadeur

Ein july hat Hein-Willem in brief fan de de ambassadeur fan Ierlân krigen.
Okkerdeis hie er dizze Kevin Kelly rûnlieden en in fariëerd programma gearstald.
Mei ûnder mear in besite oan de heechste terp fan Fryslân, de Waadsee en Urk.
Yn de brief skriuwt de ambassadeur dat hy ûnder de yndruk is fan alle eleminten fan de besite en de ferhalen fan de skiednis fan
Ljouwert en Fryslân sa’t Hein-Willem dy fertelde.
It selskip wie ek op besite op pleatsen dêr’t Ierske technology brûkt waard.
De ambassadeur hopet dat de besite beide lannen tichteby elkoar brocht hat.
Lêz’ hjir de folsleine brief fan de ambassadeur.De Agraryske Schouw yn De Jouwer op 23 septimber ll. wie in grut sukses. De nije 6-rijer fan Heeringa Cultuurtechniek luts by ‘t soad de oandacht. Dizze 6-rijer is de masine wêrmei mais ûnder foly ynsiedde wurdt.

Agraryske Schouw De Jouwer

Agraryske Schouw De Jouwer grut sukses

De Agraryske Schouw yn De Jouwer op 23 septimber ll. wie in grut sukses. De nije 6-rijer fan Heeringa Cultuurtechniek luts by ‘t soad de oandacht. Dizze 6-rijer is de masine wêrmei mais ûnder foly ynsiedde wurdt.

Maisoogst

De rispinge fan mais is yn folle gong

De rispinge fan mais is dit jier betiid begûn op ús areaal mais ûnder foly en ûnderwilens wurdt der by ‘t soad rispe. Dit biedt kânsen foar nij ynsiedzjen fan gers of in oar gewaaks.

Samco

Nijs fan ús proeffjilden yn Ierlân

Ús proeffjilden fan ús partner Samco yn Ierlân litte sjen dat de kombinaasje mais-sorghum soarget foar in sterke ferbettering fan de fertarberens. Lignine wurdt beheind oant 3%.

Dit is in idee dat wy meinimme foar de teelt yn 2017.

Hjirûnder fine jo de presintaasje fan dit ûndersyk en lêze jo mear oer Samco.