E-mail: mail@heinwillemleeraar.nl
Tel: +31 6 53 14 54 42

Strategysk advys

Earlik advys oer jildsaken

Hein-Willem Leeraar helpt agrariërs mei in eigen bedriuw mei ferskate finansjele fraachstikken. Yn binnen en bûtenlân. Wy tinke mei jo mei oer de takomst. Wij meitsjen bedriuwsanalyzes. Of wy helpe jo mei it meitsjen fan belangrike beslissingen sa as in saaklike skieding, bedriuwsstaking, oername of in grutte ynvestearring. Wat it ek is: wy bite ús der foar jo yn fêst. Unôfhinklik, betrouber en deskundich.

Sitte jo mei in finansjele fraach? Belje of e-mail ús gerêst. Dan meitsje wy graach in ôfspraak foar it earste gratis gesprek om yn’e kunde te kommen.

1. Finansieringstoets

Jo finansjele saken better, goedkeaper en effisjinter regelje? Lit ús jo finansjele bedriuwssituaasje neirinne. It kostet jo neat en jo binne ús neat ferplichte. Helder toch? Yn oardel oere witte jo hoe’t ek jo jild besparje kinne.

Wat it ek is: wy bite ús der yn fêst.

Fragen, advys of ôfspraak meitsje?

Belle 0566-60 04 48  of  06-53 14 54 42

Of stjoer in e-mail: mail@heinwillemleeraar.nl

2. Saaklik skieden

Jo en jo broer. Jo en jo frou. Jo en jo heit. Wa’t jo saaklike partner ek is, der kin in dei komme dat jo beslute om út elkoar te gean as (saaklike) partners. Tûzenen fragen spoekje jo troch de holle. Mar de belangrykste is: ‘Hoe regelje ik dat op in goeie manier’?

Hein-Willem Leeraar begeliedt al jierren minsken mei in saaklike breuk. Want in goeie ôfsluting en dúdlike ôfspraken soargje foar in positive takomst.

Ha jo help nedich om jo saaklike skieding goed te regeljen? Wifkje net: belje ús foar in gratis ôfspraak.

3. Bedriuwsanalyze

In goeie bedriuwsanalyze is ek foar agraryske ûndernimmers fan grut belang. Net allinne wolle jo sels witte hoe solide en solvabel jo bedriuw is, ek foar banken is dizze ynformaasje heel belangryk. By eventuele finansjele ûnderhannelingen steane jo sterker as jo in resinte en ûnderboude analyze fan jo bedriuw oerlizze kinne. En dat skeelt úteinlik yn jo beurs!

Wolle jo ek mear wissichheid? Wy meitsje graach in bedriuwsanalyze op maat foar jo. Meitsje in ôfspraak foar in earste gratis gesprek om yn’e kunde te kommen.

4. Planning

Wat is de optimale omfang fan myn bedriuw? No? En oer fiif jier? Moat ik myn skuld ôflosse by de bank? En, kin myn soan myn âlde dei betelje? Goeie en belangrike fragen oer fermogensplanning dêr’t elke agraryske ûndernimmer him wolris drok oer makket.

Hein-Willem Leeraar snapt dat jo dy fragen ha. Hy helpt jo mei it finen fan antwurden op maat. Gjin minske, bedriuw of situaasje is itselde. Hy leart jo en jo bedriuw earst goed kennen. Wat libbet der by jo? Wêr wolle jo hinne? Wêr ha jo dêrfoar nedich? Hein-Willem Leeraar ûndersiket, analysearret en helpt jo mei in persoanlike finansjele planning.

Wolle jo ek mear wissichheid? Meitsje dan frijbliuwend in ôfspraak mei ús.

5. Opfolgingsadvys

By bedriuwsopfolging spylje in protte aspekten in rol. Emosjoneel, ekonomysk en fansels ek finansjeel. En omdat gjin minske, gjin agraryske ûndernimming en gjin takomstplan itselde is, jouwe wy jo graach in advys op maat.

Wolle jo ek witte wat jo dwaan kinne mei jo persoanlike situaasje en takomstplannen? Meitsje dan in ôfspraak foar in gratis en frijbliuwende ôfspraak om yn’e kunde te kommen.