E-mail: mail@heinwillemleeraar.nl
Tel: +31 6 53 14 54 42

Ûndersyk

01

Hein-Willem Leeraar en ûndersyk

Tegearre mei syn partners hâldt Hein-Willem Leeraar him dwaande mei fernijende en eksperimintele projekten en ûntjouwingen op agrarysk gebiet. It ûndersyk nei Mais ûnder foly as kansrijke nije teelttechniek is dêr in goed foarbyld fan.

02

Mais tele ûnder foly

Mais ûnder foly: 1000 kg mear setmoal de hektare

Mais tele ûnder foly. Yn Nederlân hieltyd bekender en populêrder. Net sa gek, want de earste testresultaten binne heel posityf. In lytse ynvestearring levert gau mear opbringsten troch twa wike earder siedzjen en makliker rispjen.

Ferbouwe jo ek mais?
Dan is mais tele ûnder foly ek rendabel foar jo.Wy fertelle jo graach wat tele fan mais ûnder foly foar jo opleverje kin.

No al nijsgjirrich? Dizze deskundigen hawwe der in presintaasje oer makke:

  • Mais troch de eagen fan in ko fan de hear Grootoonk
  • Presintaasje NMI fan Wim Bussink, ûndersiker by it Nutriënten Management Instituut yn Wageningen.

It projekt ‘Mais ûnder foly’ is mei mooglik makke troch finansiering fan de provinsje Fryslân.

As jo prate, binne jo allinne mar oan it werheljen wat jo al witte. Mar as jo lústerje, kinne jo wat nijs leare.

03

Oare R&D projekten fan Hein-Willem

Foarbylden fan R&D-projekten dêr’t Hein-Willem Leeraar & partners by belutsen binne wiene ûnder oare:

  1. 1995-2000: It opsetten fan ferskillende rasseproeven en demo-fjilden (mais);
  2. 1999: Teeltproef ‘mergkool’ opset ûnder 16 Noard-Nederlânske feehâlders, yn gearwurking mei Advanta Vanderhave;
    Fotos fan dit ûndersyk fynsto ûnderoan dizze side.
  3. Januari 2000: Begelieding/koördinaasje ôfstudearwurkstik HBO-studinte Yvonne Kapitein: ‘een teeltbeschrijving van mergkool’;
  4. 1998: Ferlykjend ûndersyk nei miljeumaatregels yn in fiiftal Europeeske lannen; maatregels, dy’t rjochte binne op it beheinen fan it brûken fan stikstof en fosfaat yn ’e lânbou;
  5. 2004: Ûndersyk nei Molybdeen-effekten yn in twatal feehâlderijen yn Súd-Ierlân;
  6. 2010: Initiearjen Mangaan-ûndersyk yn gearwurking mei NMI; leech Mangaan yn boaiem resultearret yn leech Mangaan yn gewaaks (ûndersyk 2009).
  7. 2014: Ûndersyk nei it effekt fan it magnetiseren fan spuitvloeistof yn ierpels, yn gearwurkung mei Agricultural Magnetics Ltd en PPO WUR.
  8. 2014: Ûndersyk nei it effect fan it magnetiseren fan spuitvloeistof yn tarwe, yn gearwurkung mei Agricultural Magnetics Ltd en Proeftuin Zwaagdijk. Klik hjir foar it rapport.
  9. 2016: Ûndersyk nei driftreductie, in gearwurkung mei MagGrow Nederland B.V en PRI-WUR.

    De resultaten fan ’e neamde R&D-projekten binne ferspraat en bekend makke troch lêzingen, ekskurzjes, besites oan stúdzjeklubs en rapportaazjes.