Premium business template
8877-8564-222

Betingsten

01

Algemiene betingsten van Hein-Willem Leeraar & Partners

1. Wurkingssfear fan dizze algemiene betingsten
Opdrachtnimmer ferlient syn tsjinsten allinnich ûnder tapaslikheid fan dizze algemiene betingsten. Fan dizze algemiene betingsten kin allinnich mei skriftlike tastimming fan opdrachtnimmer ôfwykt wurde.
Ek fennoaten, wurknimmers en meiwurkers dy’t net mear foar opdrachtnimmer wurkje, en har erfgenamten kinne har op dizze algemiene betingsten beroppe.

2. De oerienkomst fan opdracht
Partijen lizze de opdracht fan opdrachtjouwer skriftlik fêst. Dizze skriftlike oerienkomst bewiist wat partijen oerienkommen binne as en foar safier’t opdrachtjouwer de ynhâld fan de opdrachtbefestiging net binnen acht dagen nei ûndertekening skriftlik wjerlein hat.
Opdrachtjouwer slút de oerienkomst allinnich mei opdrachtnimmer, ek as it de útdruklike of stilswijende bedoeling fan opdrachtjouwer is dat de oerienkomst alhiel of foar in part útfierd wurdt troch ien of mear bepaalde persoanen dy’t oan de ûndernimming fan opdrachtnimmer ferbûn binne.
Opdrachtnimmer fiert de oerienkomst allinnich út foar de opdrachtjouwer. Tredden kinne oan de wurksumheden fan opdrachtnimmer gjin rjochten ûntliene. Opdrachtjouwer frijwarret opdrachtnimmer tsjin foarderingen fan tredden dy’t stelle dat sy direkt of yndirekt skea hân hawwe troch wurksumheden dy’t opdrachtnimmer yn opdracht en foar opdrachtjouwer ferrjochte hat. Fan it ûndertekenjen fan de opdrachtbefestiging troch opdrachtjouwer ôf, mei opdrachtnimmer syn wurksumheden oan opdrachtjouwer fakturearje.

3. Soarchplicht opdrachtnimmer
Opdrachtnimmer sil by it útfieren fan syn wurksumheden de soarch fan in goed opdrachtnimmer yn acht nimme.
Opdrachtnimmer nimt noait mear as in ynspanningsferbyntenis op him. Troch opdrachtnimmer jûne advizen en rapporten hawwe noait it karakter fan in garânsje.
It risiko fan flaters fan troch opdrachtjouwer jûne gegevens, rêst altyd by opdrachtjouwer. Opdrachtnimmer is befoege om by it útfieren fan opdrachten fan de opdrachtjouwer tredden yn te skeakeljen. Ek dy tredden kinne op dizze algemiene betingsten in berop dwaan.

4. Klachtplicht opdrachtjouwer
Opdrachtjouwer moat in klacht oer de wurksumheden fan opdrachtnimmer binnen fjirtjin dagen nei it momint fan it alhiel of foar in part útfieren fan dy wurksumheden skriftlik by opdrachtnimmer yntsjinje. As dat net bart, wurdt opdrachtnimmer achte de wurksumheden oerienkomstich de opdracht útfierd te hawwen.
Opdrachtjouwer moat in klacht oer in faktuer fan opdrachtnimmer binnen fjirtjin dagen nei faktuerdatum skriftlik by opdrachtnimmer yntsjinje. As dat net bart, wurdt opdrachtjouwer achte de faktuer akseptearre te hawwen.

5. Tuskentiidse priisferheging as gefolch fan oerheidsmaatregels
Opdrachtnimmer is befoege om belestingen, heffingen of oare lesten fan oerheidswegen dy’t ynfierd of ferhege wurde neidat opdrachtnimmer oan opdrachtjouwer in oanbod dien hat of neidat partijen in oerienkomst fan opdracht sletten hawwe, oan de opdrachtjouwer troch te berekkenjen.

6. Beteljen fan faktueren fan opdrachtnimmer
Opdrachtjouwer moat de faktuer fan opdrachtnimmer binnen fjirtjin dagen nei faktuerdatum foldwaan, en wol troch it faktuerbedrach op ien fan de bankrekkens fan opdrachtnimmer byskriuwe te litten. As opdrachtjouwer de faktuer net binnen de betellingstermyn foldocht, is hy fan rjochtswegen yn fersom. De opdrachtjouwer is fan dat stuit ôf in gearstalde rinte oer it faktuerbedrach ferskuldige fan in prosint de moanne of it diel fan de moanne nei rato.
Opdrachtjouwer mei neat fan it faktuerbedrach ôflûke of mei it faktuerbedrach ferrekkenje. Opdrachtjouwer mei de betelling fan in faktuer fan opdrachtnimmer ek net útstelle.

Op alle te fakturearjen bedragen wurde 6% kantoarkosten yn rekken brocht. Opdrachten en wurk, dy’t ûnderdiel útmeitsje of útmeitsje kinne fan in juridyske proseduere wurde fakturearre tsjin in identyk taryf as de tariven dy’t de jurist yn kwestje hantearret. Yn ûnderling oerlis kin hjir fan ôfwykt wurde, sa as bliken docht út de Opdracht tot Dienstverlening. Dizze Opdracht kin ûnder de namme Hein-Willem Leeraar & partners ôfsluten wurde en ek ûnder de namme fan in oare tsjinstferliener. Foar kliïnt jilde ek yn dit lêste gefal ûnfermindere de Algemene Voorwaarden fan Hein-Willem Leeraar & partners.

7. Beëinigjen fan de opdracht
As opdrachtjouwer de oerienkomst troch opsizzing beëiniget, is hy – wat de reden fan opsizzing ek is – in oeretaryf ferskuldige fan € 155 it oere dat wurke is ekskl. BTW en kantoar kosten yn stee fan € 146 it oere dat wurke is ekskl. BTW en kantoar kosten, sa bedoeld dat opdrachtjouwer op syn minst in bedrach fan € 4.380 ekskl. BTW ferskuldige wêze sil.

8. Kosten fan rjochtsmaatregels
Alle kosten dy’t opdrachtnimmer yn en/of bûten it rjocht meitsje moat om betelling te ferkrijen fan in faktuer komme folslein foar rekken fan de opdrachtjouwer. Dy kosten berinne op syn minst 15% fan it ferskuldige faktuerbedrach, mei in minimum fan € 1.500,–.

9. Oanspraaklikheid fan opdrachtnimmer
As opdrachtjouwer skea hat as gefolch fan in tekoart yn it neikommen fan in ferbyntenis út in oerienkomst mei opdrachtjouwer sil opdrachtnimmer noait mear oan opdrachtjouwer hoege te fergoedzjen as it honorarium dat opdrachtnimmer yn rekken brocht hat yn it jier foarôfgeand oan it tekoart, of it moat wêze dat it tekoart in gefolch is fan opset sin, grouwélige skuld of grouwélich fersom fan opdrachtnimmer of fan persoanen dy’t hearre ta de bedriuwslieding fan de ûndernimming fan opdrachtnimmer.
As opdrachtnimmer tydlik yn de ûnmooglikheid ferkeart om in ferbyntenis út in oerienkomst mei opdrachtjouwer út te fieren, is opdrachtjouwer net befoege om de oerienkomst te ûntbinen. Neidat de tydlike behindering ferdwûn is, sil opdrachtnimmer de oerienkommen wurksumheden ferfetsje.
As opdrachtnimmer bliuwend yn de ûnmooglikheid ferkeart om in ferbyntenis út in oerienkomst mei opdrachtjouwer út te fieren, sil opdrachtnimmer dêrfan meidieling dwaan oan opdrachtjouwer. Dy meidieling ûntbynt foar de takomst de oerienkomst dêr’t de bewuste ferbyntenis út fuortkomt. Opdrachtjouwer bliuwt ferplichte om te beteljen foar de wurksumheden dy’t opdrachtnimmer ta it útfieren fan de oerienkomst ferrjochte hat.

10. Yntellektuele-eigendomsrjochten
De advizen dy’t troch opdrachtnimmer jûn binne en de berekkeningen, beskriuwingen, modellen en sa mear dy’t troch opdrachtnimmer ferfeardige of jûn binne, bliuwe syn (yntellektuele) eigendom, oft opdrachtnimmer dêr al of net kosten foar yn rekken brocht hat. De ynformaasje dy’t yn wurksumheden fan opdrachtnimmer besletten leit en/of te’n grûnslach leit oan de berekkeningen, beskriuwingen, modellen en sa mear dy’t opdrachtnimmer ferfeardige of jûn hat, bliuwt eksklusyf foarbehâlden oan opdrachtnimmer, ek as opdrachtnimmer dêr kosten foar yn rekken brocht hat.
De opdrachtjouwer stiet derfoar yn dat de yn lid 1 bedoelde eigendom, útsein ta it útfieren fan de oerienkomst, net oars as mei skriftlike tastimming fan opdrachtnimmer kopiearre, oan tredden toand, bekend makke of brûkt wurdt.
Sûnder tastimming fan opdrachtnimmer stiet it opdrachtjouwer net frij om in advys fan opdrachtnimmer útfiere te litten troch ien of mear tredden. Yn gefal opdrachtjouwer dat ferbod oertrêdet, ferliest hy foar opdrachtnimmer fuortendaliks, sûnder dat dêrfoar in ynfersomstelling fereaske wêze sil, in boete fan € 15.000, ûnfermindere it rjocht fan opdrachtnimmer op fergoeding fan de skea dy’t hy troch it tekoart fan opdrachtjouwer hân hat en/of noch hawwe sil.

11. Befoege rjochter
Alle skelen de rjochtsferhâlding(-en) tusken opdrachtnimmer en syn opdrachtjouwers oanbelangjend sille foarlein wurde oan de befoege rjochter yn it arrondissemint Ljouwert, of it moat wêze dat twingend rjocht in oare befoege rjochter oanwiist.

12. Tapaslik rjocht
Op alle oerienkomsten tusken opdrachtnimmer en opdrachtjouwer is Nederlânsk rjocht fan tapassing.

13. Ienmanssaak
De rjochtsfoarm fan Hein-Willem Leeraar & partners is in ienmanssaak.


.